Omrop TIP: Oare Eagen oer polityk

09 feb 2015 - 07:59

Der wurdt te achteleas omgien mei ús stimrjocht en skoallen moatte mear oandacht jaan oan polityk. Hoe sjogge de ferskillende generaasjes nei polityk? Wie it eartiids hiel oars as no?

Oare Eagen is te sjen fan moandei oant en mei freed om 16.50 oere op Omrop Fryslân Televyzje. Yn it programma nimme jongerein en âlderein earne yn Fryslân plak op de diskusjebank en jouwe se harren miening oer ferskate tema’s. Yn de twadde ôflevering stiet polityk sintraal. Tinke jongelju echt oars as âldelju oer polityk of binne dy ferskillen eins net sa grut?

Sjoch hjir no al nei de ôflevering fan dizze wike!

‘Jongelju witte net genôch fan polityk’ is ien fan de stellingen fan dizze ôflevering. Wat is dyn miening dêr eins oer? Gean nei de Facebookside fan Omrop Fryslân, www.facebook.com/Omrop, en jou dyn miening!

Trefwurden: 
Oare Eagen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)