Jubileumedysje fan Boot Holland set útein yn WTC Ljouwert

06 feb 2015 - 07:45

Boot Holland yn it WTC yn Ljouwert is de belangrykste boatebeurs foar stielmotorboaten yn de Benelúks. Dat docht bliken út it grut oantal dielnimmers dat ynskreaun hat foar de jubileumedysje fan de beurs. Boot Holland bestiet 25 jier en giet freedtemiddei iepen.

Fiif hallen mei yn totaal 260 dielnimmers binne fertsjintwurdige. Dêrby binne 32 nije standhâlders. Njonken de oandacht foar stielmotorboaten is der ek in soad omtinken foar elektrysk farren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)