"Tredde partij moat bemiddelje yn konflikt Ouwe Syl"

06 feb 2015 - 07:29

De gemeenterie, it fakbûn of sels de ûnderwiisynspeksje. De âlden fan bern fan basisskoalle Ouwe Syl yn Aldebiltsyl hawwe harren hoop festige op in tredde partij om it konflikt mei de direksje fan de skoalle op te lossen.

It ôfrûne wykein barste de bom tusken âlden en direksje. Oanlieding is it ûntslach fan in tydlike juf. Neffens de direksje is de juf frijwillich opstapt, mar de âlden leauwe dat net. In petear hjiroer rûn út de hân, wêrnei't it konflikt allinnich mar heger oprûn.

Moandei wie de skoalle sels ticht, om't in part fan it personiel harren siik melden hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)