Studinten NHL betinke sinneleane foar It Amelân

05 feb 2015 - 23:31

Studinten boukunde fan de NHL yn Ljouwert hawwe in saneamde sinneleane ûntwikkele foar Hollum op It Amelân. De leane bestiet út sinnepanielen dy't sa yn it stjitbyld fuortwurke binne, dat se it beskerme doarpsgesicht amper skeine. In oare oplossing is om it reid op dakken fan guon pleatsen yn it doarp te ferfangen foar sinnepanielen. De studinten hawwe dat dien yn opdracht fan de gemeenten Ljouwert en It Amelân.

De studinten ha besocht om in tink- en wurkwize te ûntwikkeljen wêrby't monuminten en beskerme doarpsgesichten kombineard wurde mei it opwekken fan sinne-enerzjy. Soks mei no meastentiids noch net. Hollum wie dêrfoar it foarbylddoarp en dat is gjin tafal. It Amelân wol yn 2020 folslein enerzjyneutraal wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)