Brânwacht twa kear útrukt om skoarstienbrânen

De nije brânwachtauto's waarden sneon presintearre yn Snits © Stefan Postema
De brânwacht yn Fryslân is tongersdeitejûn twa kear oproppen foar in skoarstienbrân. Earst rukte it korps fan It Hearrenfean út nei de Sieger van der Laanstrjitte. In foarbygonger seach de brân en alarmearre de brânwacht. Dy hie it fjoer gau ûnder kontrôle. De oarsaak fan de brân is net dúdlik. Letter op de jûn moast ek de brânwacht fan Snits oan de bak foar in skoarstienbrân yn de Johan Willem Frisostrjitte. Ek dêr wie it fjoer gau út. Wol stie der in soad reek yn de wenkeamer. De brânwacht hat is hûs derom fentilearre.