Nederlânske F-16's rekke by IS-missy yn Irak

F-16 yn IS-missy boppe Irak © Definsje
Nederlânske F-16's binne by de missy yn Irak besketten en rekke troch striders fan IS. Dat hat de kommandant fan de striidkrêften Tom Middendorp sein yn in petear mei de NOS. De fleantugen binne rekke doe't se leger fleagen om harren boardkanon yn te setten. Neffens Middendorp koene de F-16's nettsjinsteande de skea gewoan trochfleane. It is net bekend wannear't de F-16's besketten binne. De fleanbasis yn Ljouwert hat mear as trije moanne meidien oan de IS-missy. Der waarden mei-inoar 375 missys útfierd boppe Irak.