Frijwilligers Steatsboskbehear gean striid oan mei boskpest

05 feb 2015 - 16:44

Yn de bosken fan it eardere Gaasterlân-Sleat wurdt de striid mei de Amerikaanske Vogelkers (boskpest) wer oangien. Dit beamke is 100 jier lyn nei Fryslân helle. Mar is úteinlik ferwurden ta in pleach. It beamke oerwoekeret de bosken en hy lit em net maklik ferslaan. De boskpest kin sels oer it bestridingsmiddel Round-Up.

Frijwilligers fan Steatsboskbehear en Lânskipsbehear krigen tongersdei yn Aldemardum training yn in natuerlike bestridingsmetoade. Troch de bast fan de beammen ôf te heljen, moat de Vogelkers úteinlik belies jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)