Olijve Metaal yn Easterwâlde makket trochstart

05 feb 2015 - 16:37

It bedriuw Olijve Metaal út Easterwâlde makket in trochstart neidat it yn desimber ferline jier fallyt gong. Ald-eigener Rudy Olijve hat mei help fan in private ynvestearder syn bedriuw werom kocht. Hy seit in soad leard te hawwen fan it fallisemint. Dat ûnstie trochdat it bedriuw te hurd groeide sûnder de goede begelieding.

Olijve hat no foar oardel moanne wurk. Earder wurken der 36 minsken. No binne dat der fiif en ynkoarten komme dêr noch twa by.

Der moat noch wol in probleem oplost wurde, want is noch net dúdlik of hy de hjoeddeistige hal brûke bliuwe mei. Dy hal is fan de gemeente. Olijve hat hjirfoar noch gjin alternatyf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)