Reade tried: De manager moat mear bining ha mei de wurkflier

Reade tried © ANP Xtra
De kleau tusken de lieding fan bedriuwen en oerheden wurdt hieltyd grutter, sa liket it. As je de ferhalen op in soad wurkplakken hearre liket de frustraasje fan de wurknimmer hieltyd grutter te wurden oer de saneamde managerlagen dy't fan alles bepale, mar net witte wat der op de wurkflier libbet en wat foar gefolgen guon beslissings hawwe. Se soene mear witte en fiele moatte hoe't de wurkflier wurket.
In sitaat út in ûndersyk fan in wurknimmer yn in bedriuw:
'Managers zijn net meeuwen. Ze komen aanvliegen, kijken of er wat te pikken valt, schijten vervolgens op je werk en vliegen dan snel weer weg. Om plek te maken voor de volgende,' zegt een respondint.
Ut datselde ûndersyk blykt dat:
Al die regels en protocollen komen de dienstverlening niet ten goede, vindt 70 procent. Bijna de helft denkt dat een moderne organisatie zelfs zonder managers kan.
Ha jo dêr ek ûnderfining mei, of binne jo sels manager of liedingjaande en fine jo dat dit kleien mar ûnsin is.
Jo kinne hjirûnder reageare of fia de mail: readetried@omropfryslan.nl. Jo kinne ek meiprate fia Facebook of belje mei 058 - 70 09 777. Dan kinne jo in reaksje ynsprekke op it antwurdapparaat.