Rol foar Fryske boeren by hegere fraach nei iten yn de wrâld

05 feb 2015 - 15:10

Fryske boeren hawwe de kommende jierren in wichtige rol yn de gruttere fraach nei iten yn 'e wrâld. Yn 2020 moat der 25 miljard liter molke mear produsearre wurde. Dat sei Berry Marttin fan de ried fan bestjoer fan de Rabobank, tongersdei op it Agrarysk Kongres yn Wolvegea.

Ek Europarlementariër en VVD-er Jan Huitema fan Makkingea spruts hjir. Hy seit dat de grutste útdaging foar de boeren wurdt om finansjeel by te bliuwen by de ûntwikkelings en te foldwaan oan de hieltyd strangere miljeu-easken.

Wol binne beide manlju optimistysk oer de takomst fan de boeren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)