Shorttrackster Suzanne Schulting yn aksje op de langebaan

Suzanne Schulting © awfoto.nl
Shorttrackster Suzanne Schulting fan De Tynje komt dit wykein yn aksje op de langebaan. Yn Deventer docht de 17-jierrige mei oan it NK langebaan foar junioaren. Twa wike lyn stie Schulting op it iis yn Dordrecht, se die doe mei oan it EK shorttrack. Dêr pakte se gjin yndividuele medalje, mar wol sulver op de ôflossing.
De prestaasjes fan Jorien ter Mors ôfrûne seizoen, sawol op de langebaan as yn it shorttrack, binne in foarbyld foar Schulting.