F-16 makket foarsoarchslâning op Ljouwerter fleanbasis

05 feb 2015 - 13:13

In F-16 hat tongersdei om it middeisoere hinne in foarsoarchslâning makke op de fleanbasis yn Ljouwert. It fleantúch wie foar in oefenrûntsje fan de basis ôf de loft yngien doe't der in melding kaam fan in mooglik defekt. De piloat is weromflein nei Ljouwert en hat syn tastel sûnder problemen op de grûn delsetten.

Wol stiene út foarsoarch ferskate helptsjinsten klear, sa as de brânwacht fan de fleanbasis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)