Jergé Hoefdraad nei de simmer nei SC Cambuur

Cambuur-Twente © Dijks fotografie
Jergé Hoefdraad spilet kommend seizoen by SC Cambuur. De 28-jierrige oanfaller spilet no noch by Almere City FC, mar makket dizze simmer transferfrij de oerstap nei Ljouwert. Hy hat in kontrakt tekene foar in jier, mei in opsje foar noch in jier.
Neffens technysk manager Marcel Keizer fan Cambuur is Hoefdraad in spiler dêr't in soad driging fanút giet. Hy kin op meardere oanfallende posysjes spylje.
Hoefdraad spile earder bij SC Telstar, RKC Waalwijk en de jeugd fan Ajax.