Yllegale Japanske nachtegealen oantroffen by hanneler

05 feb 2015 - 11:17

In man fan 58 jier út Wâlterswâld is woansdei oanhâlden op fertinking fan de hannel yn beskerme fûgels. De man hâlde yn syn bistewinkel 101 Japanske nachtegealen yn foljêres en dy binne beskerme. De man hie de papieren net op oarder en ek wienen de fûgels net fersjoen fan ringen.

It kin neffens de plysje wêze dat minsken sa'n yllegale Japânske fûgel kocht ha, sûnder dat te witten. Dy wurde frege har te melden by de plysje. De Japanske nachtegealen binne yn beslach naam, se ha in wearde fan tusken de 10.000 en 15.000 euro.

De plysje kaam de fûgels op it spoar by in kontrôle mei kontroleurs fan de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit (NVWA). De Japanske nachtegeal is in beskerme soart. De fûgel mei net ymportearre wurde fan bûten de EU en as de fûgel fan binnen de EU komt, moatte se ringe wêze of moatte der papieren by sitte. Dat wie by dizze fûgels net it gefal.

De eigener hie net in ferklearring foar de herkomst fan de fûgels. Hy is oanhâlden en ynsletten foar ferhoar. Syn administraasje en kompjûterapparatuer is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)