Oefening mei bommen op De Vliehors stopset fanwege it waar

Definsje is fanwege it waar earder ophâlden mei de oefening op De Vliehors, op Flylân. F16's soene oant en mei freed bommen op it oefenterrein smite, mar woansdei wie al de lêste oefening. Reden is benammen de eastewyn. As de wyn út dy rjochting komt, dan is der kâns op lûdsoerlest en trillings op de Waadeilannen. Yn dat gefal mei net oefene wurde.
Der binne by definsje klachten binnenkaam fan bewenners fan Teksel oer trillings. De offisjele mjitpunten op it eilân hawwe lykwols gjin ôfwikende sinjalen registrearre.
Dochs hat de fleanbasis de klachten meinaam yn de ôfwaging de oefening earder stop te setten.
Wannear't de oefendagen ynhelle wurde, is noch net bekend. Neffens definsje is it wol wichtich dat de piloaten sa gau as mooglik oefenje kinne, want de missys gean gewoan troch.