Kaamsalamander leit bou huzen yn Noardwâlde stil

De bou fan twa huzen op it eardere Rohé-terrein yn Noardwâlde kin foarearst net trochgean, om't der mooglik seldsume kaamsalamanders sitte. De salamanders binne sjoen yn de tún fan in buorfrou fan it projekt en dy hat de miljeuplysje warskôge. Dy hat de bou no stillein foar fierder ûndersyk. Dat ûndersyk kin mooglik wiken duorje.
Neffens de Windgroep yn Drachten, dy't de huzen bouwe soe, is it in grutte strop foar de keapers. Dy kinne no gjin gebrûk meitsje fan harren besteande hypoteek-opsje en moatte opnij mei de bank om tafel.
De kaamsalamander is tige seldsum en jildt yn hiel Nederlân as in beskermde bistesoart.