Drachtster pakt foar stellerij fan peaske-aaikes en drank

© Peaske-aaifeest by bernebuorkerij De Naturij yn Drachten
In 17-jierrige jonge út Drachten is woansdei oan de ein fan de middei oppakt foar stellerij fan peaske-aaikes en drank út in winkel op de Marke yn syn wenplak.
De jonge hat in winkelferbod fan in jier krigen. It Iepenbier Ministearje beslist letter hokker straf de Drachtster noch mear krijt.