"Misstannen by Fryske bouprojekten"

05 feb 2015 - 07:34

Utstjoerburo's litte bûtenlânske wurknimmers yn Fryslân tsjin de regels yn sels foar harren húsfesting betelje. Dat seit Helga Tienkamp fan FNV Bouw. It giet om wurknimmers dy't wurkje oan de Sintrale As en oan it akwadukt by it Drachtsterplein. Wurkjouwers binne ferplicht ûnderdak te regeljen en te beteljen as se personiel út it bûtenlân helje.

Mar neffens FNV Bouw wurde de kosten fan húsfesting yn striid mei de regels fan it lean ôflutsen. Dêrnjonken soene de minsken ek te leech ynskaald wurde út konkurrinsje-oerwagings.

Helga Tienkamp fan FNV Bouw fynt dit in kwealike saak. "Zo krijg je oneerlijke concurrentie. Er zitten in Friesland voldoende betonvlechters en timmermannen werkloos thuis, maar die komen op die manier nooit aan de bak. "De ynfrastrukturele projekten Sintrale As en akwadukt Drachtsterplein wurde útfierd ûnder rezjy fan de provinsje Fryslân. By beide projekten is de firma Heijmans haadútfierder.

De melding oer misstannen mei bûtenlânske wurknimmers komt foar de provinsje as in 'folsleine ferrassing', lit in wurdfierder witte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)