Ljouwert no echt Haadstêd fan de Smaak

04 feb 2015 - 21:25

Ljouwert hat woansdeitejûn de titel Haadstêd fan de Smaak offisjeel oernaam fan Ede. Dat is dien mei in mienskiplike itensiederssesje yn Ede. Ljouwert is yn 2015 Haadstêd fan de Smaak. De Fryske haadstêd wûn fan de konkurrearjende kandidaten Teksel en Wageningen fanwege de earlike streekprodukten dy't brûkt wurde. Der wurde in jier lang allegearre kulinêre eveneminten yn de provinsje hâlden. Dat begjint op 14 febrewaris mei it Smaakparadijs yn it Natuermuseum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)