Ferkearsûngelokken troch drokte

© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Drokte troch thúswedstriden fan SC Hearrenfean en SC Cambuur en glêdens soargen woansdeitejûn foar oerlêst foar it ferkear yn Fryslân. Op de A7 fan De Jouwer nei It Hearrenfean ûntstie oan it begjin fan de jûn in lange file. Yn Ljouwert wiene der yn de jûnsspits ferskate lytse oanridings mei blikskea, dy't foar fertraging soargen.
Foar safier bekend rekke der net ien ferwûne. Wol binne belutsenen by in ûngelok op it Drachtsterplein yn Ljouwert foar kontrôle nei it sikehûs brocht.