Húshâldlike help NE-Fryslân goedkeaper

04 feb 2015 - 18:53

Bewenners fan Noardeast-Fryslân binne tenei goedkeaper út mei it ynhieren fan húshâldlike help. It ryk stelt foar 2015 en 2016 jierliks 115 miljoen euro ekstra beskikber. De gemeenten Dantumadiel, Dongeradiel, Ferwerderadiel, Kollumerlân en Skiermûntseach hawwe mei help fan dat ryksjild ôfspraken makke mei de oanbieders fan thússoarch.

Dy kinne de húshâldlike help dêrtroch goedkeaper oanbiede. Ynwenners dy't foar de regeling yn oanmerking komme, krije meikoarten in brief.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)