Ljouwerter bern sporte foar oare bern

04 feb 2015 - 17:08

Basisskoalbern út Ljouwert ha woansdei 700 euro ophelle foar it Jeugdsportfûns Fryslân. Se ha meidien oan in sponsortocht op de hurdfytsbaan fan sportsintrum Kealledykje yn Ljouwert.

It Jeugdsportfûns jout bern út earmere fermiddens kâns om te sporten. Se betelje dan de kontribúsje en yn guon gefallen ek de sportattributen. It ôfrûne jier ha 430 bern út de gemeente Ljouwert gebrûk makke fan it sportfûns.

Trefwurden: 
Ljouwert bern Jeugdsportfûns
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)