Plannen om mear toeristen nei NW-Fryslân te lûken

04 feb 2015 - 17:02

In nij bûtendyks fytspaad fan Swarte Haan nei Roptasyl, in archeologysk doarp by Winaam en in útkyktoer by de Westhoek kinne soargje foar in soad ekstra toeristen yn Noardwest- Fryslân. Dat binne plannen fan de stichting Ried Mar dy't soargje wol foar ekonomyske groei yn Harns, Frjentsjerteradiel, it Bilt en Ferwerderadiel. Ried Mar freget 200.000 euro provinsjale subsydzje om de plannen fierder út te wurken. Foar it slagjen fan de plannen is dy bydrage fan libbensbelang.

De FNP hat him al útsprutsen foar sa'n bydrage. CDA en PvdA binne al wol hifke, mar hawwe noch gjin tasizzings dien.

Noardwest Fryslân wie foarhinne in streek mei rike bouboeren, mar no nimt it oantal ynwenners ôf en ferskoot de wurkgelegenheid nei Ljouwert en It Hearrenfean. Ried Mar hat syn plannen earder betocht, mei help fan ûndernimmers en pleatslike belangen út Noardwest-Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)