Omrop en hynstestamboek meitsje dokumintêre oer Frysk hynder

04 feb 2015 - 15:59

Omrop Fryslân en it Frysk Hynstestamboek wolle in dokumintêrefilm meitsje oer it Frysk hynder. De dokumintêre 'It Swarte Goud' moat gean oer de ynfloed fan it Frysk hynder oer de hiele wrâld, der sil dan ek yn ferskillende lannen filme wurde. In folsleine dokumintêre oer dit kultureel Frysk erfguod by útstek is noch net earder makke. Om it pretinsjeuze projekt te finansieren is der in crowdfundingsaksje op tou setten. It idee foar de dokumintêre ûntstie ferline jier by de jubileumfoarstelling 'Faderpaard'.

De bedoeling is om yn 'It Swarte Goud' it Frysk hynder sjen te litten sa't dat noch nea dien is. Sa komt de skiednis en de libbensrin oan bod, mar ek ferhalen fan de minsken achter de hynders.

Hjoed-de-dei binne der goed 60.000 Fryske hynders oer de hiele wrâld. Fan Eagum oant Sina en fan Nij Seelân oant Paraguay. Keningshuzen oer de hiele wrâld hawwe Fryske hynders, se spylje yn Hollywoodfilms, ynspirearje keunstners en sirkusartysten ta spektakulêre foarstellings. It wiene al de âlde Romeinske kriichshelden dy't foar de machtige Fryske hynders foelen.

De dokumintêre besiket út te finen wêrom. Wêrom ried filmheld Zorro op in Fries? Of de plysje fan Bolivia? En wat wol in Sineeske tekstyl-tycoon mei in kompleet hynstedoarp mei goed 150 Friezen. En wêrom hat wrâldferneamde skriuwer Dan Brown Fryske hynders?

De makkers wolle ek sjen litte hoe't besocht wurdt om it dier fierder te krijen yn de dressuersport. Op dat mêd waard it ôfrûne jier in wichtige stap setten mei de dielname fan de hynst Adelprag Anders oan de Wereldruiterspelen yn Caen. It wie foar't earst dat in Frysk hynder op dit nivo mei die.

Foar it projekt is 250.000 euro nedich. Mear as de helte is yn koarte tiid al binnen helle mei fia de webside www.itswartegoud.royalfriesian.eu. Mar al it jild is noch net binnen. De crowdfundingsaksje rint oant april. Dan wurdt besletten oft it ambisjeuze projekt trochgiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)