Ekstra sliepplakken by nachtopfang Zienn

Dakleazeopfang Zienn Ljouwert © Omrop Fryslân, Rob Dijkstra
De nachtopfang fan Zienn yn Ljouwert stelt woansdeitejûn de winterregeling wer yn. Dat betsjut dat de opfang útwreide wurdt mei ekstra sliepplakken, boppe-op de 50 gewoane plakken. De winterregeling giet yn wannear't bûten de gefoelstemperatuer ûnder nul is. De ôfrûne nachten sliepten sa'n 45 minsken yn de nachtopfang.