Plasdrasgebiet by Súd Ie yn Dokkum

© Omrop Fryslân, Geale Groen
Lâns it wetter fan de Súd Ie by Dokkum komme natoerfreonlike wâlskanten en in plasdrasgebiet. Doel is dat fisken hjir yn de takomst ridzje en opgroeie kinne. Dêrfoar moatte der twa boskjes by it parkearterrein oan de Lauwersseewei kapt wurde. Ek sille reid en strûkjes op de wâlskant fuorthelle wurde.
Om foar te kommen dat fûgels it gebiet aanst as briedplak brûke sille, wurde der lange linten spand it lân yn.
De wurksumheden meitsje diel út fan it útfieringsprogramma Súd Ie - Wetterfront fan de gemeente Dongeradiel, de provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân. Doel is om de Súd Ie fan Dokkum nei de Lauwersmar wer befarber te meitsjen.