Elzesingels op Skylge wurde opknapt

04 feb 2015 - 12:20

Sa'n 85 kilometer oan elzesingels op Skylge krijt in grutte opknapbeurt. De gemeente Skylge nimt de beammesingels mei Lânskipsbehear Fryslân, de natoerferienings op it eilân en de eigeners flink ûnder hannen. Ek de provinsje en it Waadfûns jouwe finansjele stipe.

Skylge is it iennige Waadeilân dêr't elzesingels stean op de oergong fan de dunen nei de polder. Om't de singels de ôfrûne jierren net goed ûnderhâlden binne, sitte der gatten yn en misse sels hiele parten fan de singels. It ûnderhâld begjint yn de maitiid.

Trefwurden: 
Skylge elzesingel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)