Basketballer Dexter Hope selektearre foar All Star Game
Basketballer Dexter Hope fan Aris is troch bûnscoach Toon van Helfteren selektearre foar de All Star Game. Dizze wedstriid wurdt organisearre troch de SPM Shoeters út Den Bosch en wurdt spile op 22 febrewaris. Yn de All Star Game nimt de seleksje fan de bûnscoach it op tsjin de bêste spilers út de Nederlânske earedivzyje.