Drones wurde ek ynset by ynspeksjes fan wynmûnen

Drones -bestjoerbere fleantúchjes mei in kamera deroan- rukke op. Dat docht bliken op de Europeeske Dronebeurs yn Den Haag, mar ek yn Fryslân. Lykas Droneview út Ljouwert, spesjalisearre yn it meitsjen fan foto's en fideo's út de loft wei.
It bedriuw wurdt no noch foaral ynset foar promoasjewurk. Mar sy fernimme hieltyd mear fraach nei drones út ûnferwachte hoeken. Sa binne se dwaande drones te ûntwikkeljen om wynmûnen te ynspektearjen en sleatten te skouwen. De kontrôles kinne mei kamera's rapper útfierd wurde.