Glêdens troch snie by Drachten en omkriten

04 feb 2015 - 11:40

De plysje warskôget woansdeitemoarn foar glêdens fanwege snie dy't yn Drachten en omkriten fallen is. Der binne wat meldingen binnenkaam fan oanridingen en glydpartijen op de A7 en N369. Bestjoerders moatte derom tinke en har rydgedrach oanpasse.

Op de Litswei by De Rottefalle is in frachtweinkombinaasje yn de sleat bedarre. Twa frachtweinen dy't dêr achter rieden, kamen yn de berm ta stilstân. De N369 by De Rottefalle is ôfset yn ferbân mei de fêstsittende frachtweinen. Ferkear wurdt omlaat oer de Folgeralaan.

By Nijtap ried in auto tsjin in talúd, nei't er yn de slip rekke wie. Ek op de A7 by Drachten in botsing tusken twa auto's. By alle ûngelokken rekke gjinien ferwûne.

Trefwurden: 
Drachten plysje winterwaar snie
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)