Nije Nijntje-oersetting yn it Westfrysk

Utjouwerij Bornmeer op De Gordyk komt mei it earste Nijntje-boekje yn it Westfrysk. It boekje kriget de namme 'Opa en oma Pluus in 't Westfries'. Earder kamen al Nijntje-boekjes yn tal fan oare streektalen út. De fertaling yn it Westfrysk is makke troch Peter Ruitenberg. Hy is ûnder oare de gearstaller fan de 'Westfriese spreukenkalender'. It boekje wurdt sneon offisjeel presintearre.
It is dit jier 60 jier lyn dat foar it earst in Nijntje-boek útkaam. Dit Dick Bruna-jier wurdt mei tal fan aktiviteiten betocht.
In stikje út it nije boekje: ‘Opa pluus en oma pluus, die hielde groôt van nijn. Nijn kwan ok oftig op bezoek, dat vonde hullie foin.’
De útjouwerij fersoarge earder al oersettingen fan Nijntje yn it Frysk, Haachsk, Utrechtsk, Stellingwerfsk, Sieusk, Maastrichtsk, Brabânsk, Twintsk, Aldgryksk en Latyn.