Man út Sleat ferstoarn by ûngelok

04 feb 2015 - 08:38

In 53-jierrige man út Sleat is woansdeitemoarn betiid ferûngelokke by in ûngelok op de Tsjûkemarwei yn Sint-Nyk. De man is nei alle gedachten net goed wurde en rekke mei syn auto yn de sleat.

Omstanners sloegen in rût fan de auto yn en koenen noch mei de man prate. Hy wie doe al net goed oansprekber mear. Helptsjinsten wienen rap te plak, mar de help kaam te let. De man is op it plak fan it ûngelok ferstoarn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)