Syktocht nei de bêste klusfrou en túnfrou fan Fryslân

04 feb 2015 - 07:21

It RTL-programma Eigen Huis en Tuin is woansdei yn Ljouwert om de leukste klusfrou en de leukste túnfrou fan Fryslân te sykjen. De wedstriid fynt plak by de Praxis yn Ljouwert. Dielnimmers moatte in meubel meitsje, of in túntsje oanlizze.

It RTL-programma giet by alle provinsjes del om de bêste kandidaten te selektearjen. De úteinlike winners krije in sjek fan 10.000 euro. Sneon 28 febrewaris is yn Eigen Huis & Tuin te sjen wa't úteinlik de bêste wurden is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)