Nije flagge Kulturele Haadstêd op provinsjehûs

04 feb 2015 - 06:08

De nije, offisjele flagge fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 wapperet fan woansdeitemiddei ôf op it provinsjehûs. Deputearre Jannewietske de Vries krijt de flagge om healwei twaen oerlange fan de organisaasje fan de Kulturele Haadstêd.

Oant no ta hong der in flagge mei dêrop it wurd 'kandidaat' yn de mêst fan it provinsjehûs. Dy flagge wie wat efterhelle. No't it nije logo fan Kulturele Haadstêd bekend is, kin de nije flagge yn top.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)