Fryske boeren tefreden oer oanbieden petysje oer mûzeskea

Mûzegongen yn it lân by De Jouwer © Omrop Fryslân, Karen Bies
De fiif Fryske boeren dy't tiisdei in petysje oanbean ha oan leden fan de Twadde Keamer yn Den Haach binne tefreden. De petysje giet oer de skea dy't boeren yn Fryslân ha fanwege de mûzepleach. Se wolle graach kompensearre wurde foar dy skea, dy't yntusken yn de miljoenen euro's rint.
In stik as tsien leden fan de Twadde Keamer ha de petysje yn ûntfangst naam. Steatssekretaris Sharon Dijksma hat tasein dat se binnen in wike antwurdzje sil op de fragen dy't de boeren steld ha.
Neffens PvdA Twadde Keamerlid Lutz Jacobi is der op it ministearje in persoan oansteld om te sjen hoe't it probleem mei de mûzeskea oplost wurde kin.