Deputearren fine dat se it goed dien ha

Neffens de deputearren fan de PvdA, it CDA en de FNP binne sy der yn slagge de ferkiezingsbeloften fan fjouwer jier lyn foar fierwei it grutste part yn te lossen. Tiisdei waard troch harren sels de einbalâns opmakke fan alles wat se meielkoar berikt ha. En it waard dúdlik dat dizze trije partijen, as it heal kin, ek nei de provinsjale ferkiezings fan 18 maart wol meielkoar fierder wolle.
Der waard tajûn dat der best pittige diskusjes fierd binne yn de koälysje. Foaral it wynmûnedossier soarge foar in soad spanning.
It kolleezje hopet dat sy ôfrekkene wurdt op grûn fan de prestaasjes fan de ôfrûne fjouwer jier en dat it aanst net allinnich giet om de betsjutting fan de provinsjale ferkiezings foar de gearstalling fan de Earste Keamer.