Twa nije partijen by Wetterskipsferkiezings

03 feb 2015 - 17:32

Der dogge tsien partijen mei oan de ferkiezings foar it nije algemien bestjoer fan Wetterskip Fryslân. Njonken de sittende partijen CDA, ChristenUnie, FNP, Lagere Lasten Burger, PvdA, VVD, Bedrijf Boer en Burger en Water Natuurlijk, ha ek de Partij voor de Dieren en 50PLUS him melden.

De partijen koene har oant moandei oanmelde. Dizze wike wurdt ûndersocht oft alle kandidatelisten oan de easken foldogge. Freed wurdt dan de definitive list fêststeld. It algemien bestjoer fan Wetterskip Fryslân bestiet út 25 leden.

Achttjin dêrfan wurde keazen troch ferkiezings. De oare sân wurde beneamd út belange-organisaasjes. De wetterskipsferkiezings binne tagelyk mei de ferkiezings foar provinsjale steaten, op 18 maart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)