Tsjûgen socht fan mishanneling yn Easterbierrum

03 feb 2015 - 16:43

De plysje siket tsjûgen fan in mishanneling sneontejûn yn Easterbierrum. In frou fan 30 krige rûzje mei har freon fan 40. Lâns de trochgeande dyk, krekt bûten it doarp oan de Lidlumerwei, einige dit yn slaanderij. De man soe de frou treaun en skopt ha. Se foel dêrtroch op strjitte. Ek soe de man har bedrige ha mei in mes.

Uteinlik koe de frou fuortkomme en belle de plysje. De man waard letter oanhâlden. It mes is yn beslach naam. Doe't alles gebeurde binne ferskate auto's foarby kaam. De plysje wol graach mei dizze minsken yn kontakt komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)