Ljouwerter stasjonsgebiet krijt opfallende fontein

By it stasjon yn Ljouwert komt in opfallende fontein te stean. De fontein bestiet út in jonges- en in famkesholle fan sân meter heech dy't mekoar oansjogge. It ûntwerp fan de Spaanske keunstner Jaume Plensa is tiisdeitemiddei presentearre.
It stasjonsgebiet wurdt de kommende jierren flink opknapt en werynrjochte. Al mei al stekke gemeente, provinsje, Prorail, NS en Europa 20 en in heal miljoen euro yn it gebiet, dat foaral foar fuotgongers oantrekliker wurde moat. It moat yn desimber 2017 klear wêze.
Nei de opknapbeurt moat it drokke stikje Ljouwert feiliger en oersichtliker wêze. Oan de noardkant fan de Stasjonswei komt in nij Stasjonsplein dêr't allinne kuierders en fytsers komme kinne.
De opfallende fontein is de earste yn de searje 'Eleven Fountains', ien fan de grutte projekten fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. Yn alle alve Fryske stêden komt úteinlik in fontein te stean, makke troch ferneamde keunstners. Jaume Plensa hat ferneamde keunstwurken makke yn in soad grutte stêden yn Europa. It is lykwols foar it earst dat er yn Nederlân oan de slach giet mei in keunstwurk.
Tiisdeitejûn yn Bynt is de artistyk lieder fan it Eleven Fountains-projekt, Anna Tillroe, te gast.