Reidrispinge yn Súdeast-Fryslân krijt klap troch snie

De reidsnijers yn Súdeast-Fryslân hawwe grutte finansjele skea troch de snie fan de ôfrûne wiken. Al mei al giet it wol om hast twahûnderttûzen euro. Goed in kwart fan it reid is platdrukt troch de snie en is dêrtroch net mear te brûken.
Dochs moatte de reidsnijers it reid noch wol fan it lân helje en dus kosten meitsje. Neffens Fokko Bron fan Bron Landschapsonderhoud hat it sûnt 1979 net mear sa slim west. Hy seit dat hy troch de snie sa'n 20-tûzen euro misrint.