Steaten jouwe grien ljocht foar taksaasje mûzeskea

Deputearre Steaten hawwe tiisdei definityf grien ljocht jûn foar de taksaasje fan de mûzeskea troch it Faunafûns. Sa moat der in eksakt byld komme fan de skea oan it lân fan ferskate Fryske boeren. De taksaasje sil sa gau as mooglik útfierd wurde troch it Faunafûns.
Boeren moatte harren op 'e nij oanmelde foar de taksaasje. Oant no ta binne der hast tûzen meldings fan skea binnenkaam by de LTO. By mear as 35.000 bunder boerelân is de skea grut, sizze de boeren.