Helptsjinsten rapper te plak mei nij meldsysteem

03 feb 2015 - 13:54
  • Marjan van Ewijk, haad van de Drachtster meldkeamer

De helptsjinsten binne yn de takomst rapper te plak by in melding op it neednûmer 112. Troch it brûken fan it saneamde Pre-Alert-systeem geane de helptsjinsten al op 'en paad wannear't it adres en namme fan it slachtoffer bekend binne. De winst is besifere op 1 oant oardel minút.

Ek de meldkeamer Noard-Nederlân yn Drachten giet oan de slach mei it nije systeem en ferwachtet der in soad winst mei te heljen.

(advertinsje)