Famke fan 17 sûnder rydbewiis ramt lantearnepeal

03 feb 2015 - 12:17

In 17-jierrich famke út Surhústerfean is moandeitejûn troch de plysje oppakt neidat se mei in auto in lampepeal ramd hie. Dat barde op in parkearplak oan de Eibertsbek yn Drachten. In tsjûge seach hoe't it famke mei de auto tsjin de peal knalde. Hy warskôge de plysje. Doe't dy kaam, stienen der trije minsken by de auto.

In 19-jierrige frou sei dat sy achter it stjoer sitten hie. Nei in koart fraachpetear die lykwols bliken dat de 17-jierrige fertochte riden hie. Sy waard oanhâlden foar it riden sûnder rydbewiis. De auto is fuortsleept.

Trefwurden: 
Drachten plysje lampepeal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)