Op 'e die betrape by koperstellerij fan Brada-terrein

03 feb 2015 - 11:19

In 39-jierrige man út Grins is yn de nacht fan moandei op tiisdei op 'e die betrape by it stellen fan koper. Dat wie by de âlde Brada-fabryk oan de Snekertrekwei yn Ljouwert. Buorlju waarden wekker fan nuvere lûden op it bedriuweterrein en seagen hoe't in man drok dwaande wie om kabels út de grûn te graven.

De buorlju warskôgen de plysje. Dy fûn de fertochte op it Brada-terrein. Efkes fierderop waard in koffer mei koper fûn. De Grinzer is meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
Ljouwert stellerij koper Brada
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)