Alden skoalle Aldebiltsyl net tefreden nei petear
De âlden fan de bern fan basisskoalle SWS Ouwe Syl yn Aldebiltsyl binne net tefreden oer it petear dat der moandeitejûn west hat mei de direksje fan de skoalle. Dat seit Dick Heere, wurdfierder fan de heiten en memmen. By it oerlis mei de direksje hienen de âlden twa fersiken. As earste wolle se dat de juf, dy't fuort moast, weromkomt op skoalle. Dit fersyk waard ôfkard troch de direksje. Ek op harren fraach foar in ûndersyk nei de djippere oarsaak fan it konflikt, krigen de heiten en memmen 'nee' op it rekest.
De âlden beriede har no op in ferfolchstap. Neffens wurdfierder Heere is it fan grut belang dat de bân tusken de skoalle en it doarp hersteld wurdt. Mar hoe't dat moat, is noch ûnbekend.
De skoalle wie moandei ticht. Mear as de helte fan it team hie him siik melden yn ferbân mei in konflikt. Tiisdei binne de bern wol wer nei skoalle.