14 km file? Dan mar mei de optearfyts

03 feb 2015 - 09:39

Ien fan de bestjoerders dy't tiisdeitemoarn yn de 14 kilometer-lange file op de A32 stie, hie skjin syn nocht. Ta grutte fernuvering fan oare filegongers pakte de man syn optearfyts út de auto en fytste fierder, sa skriuwt Willy Sybesma fan Easterein op Twitter.

"Al 50 minuten in de file Leeuwarden-Grou... veel ongelukken hier....dan is een vouwfiets wel heel gemakkelijk", stiet der te lêzen mei fansels twa foto's as bewiis.

Troch de glêdens barden der ferskate ûngelokken op de A32 fan Grou nei Akkrum. Dat soarge foar in kilometers lange file en in fertraging fan mear as in oere. Om healwei tsienen stie der noch altyd 6 kilometer file.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)