Ferskate ûngelokken op Fryske diken troch glêdens

03 feb 2015 - 08:00

Troch de glêdens hawwe der tiisdeitemoarn meardere ûngelokken west op de Fryske diken. Op de A32 fan Ljouwert nei It Hearrenfean soargen ferskate botsingen foar in lange file. Benammen tusken Grou en Akkrum stie it fêst. Dêr botsten tiisdeitemoarn betiid trije auto's op elkoar, wêrûnder in plysjeauto. Ek op de A7 by De Jouwer wie in botsing tusken twa auto's.

Earder op de moarn rekke in auto by Dronryp fan de dyk. Yn Seisbierrum en Wjelsryp belânen twa bestjoerders mei de auto yn de sleat. By al dizze ûngelokken rekken gjin minsken ferwûne.

Yntusken is de A32 om goed kertien oer tsienen wer frijjûn en de ferwachting is dat de file gau oplost.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)