SeaZip Harns komt mei twa nije serviceskippen

Wynturbinepark op see © ANP
It bedriuw SeaZip Offshore Service yn Harns komt mei twa nije serviceskippen foar wynmûneparken op see. Beide skippen binne boud troch de Damen werf yn Singapore. De ôfrûne wiken binne de skippen dêr test en krigen se grien ljocht om ek yn Nederlân te farren.
Opfallend is dat de nije skippen ek yn de wintermoannen trochfarre kinne. Yn maart sille beide skippen oan de slach gean.