Nij registraasjesysteem BFVW foar aaien en nêsten

It bûn fan Fryske fûgelwachten hat in nij systeem foar de registraasje fan aaien en briedpearen ûntwikkele. It systeem kin folle rapper yn kaart bringen wêr't de aaien lizze. Dy ynformaasje kin dan wer dield wurde mei bygelyks boeren.
It BFVW wol de ynformaasje benammen brûke by it agrarysk natuerbehear yn de provinsje. Troch de sammele data kin it behear ferbettere wurde. As dan bliken docht dat earne noch in nêst útkomme moat, kin de boer frege wurde in wike te wachtsjen mei meanen.