Undernimmersprizen fan Smellingerlân útrikt

Undernimmer © Omrop Fryslân
Jelmer Spijksma fan Or-Quest BV is moandeitejûn útroppen ta starter fan it jier troch de gemeente Smellingerlân. De jierlikse ûndernimmersprizen waarden útrikt yn skouboarch De Lawei yn Drachten.
Njonken de bêste starter wienen der ek prizen foar it bêste mkb-bedriuw, it bêste hoarekabedriuw en in ynnovaasje-award. Dy ûnderskiedingen gongen nei Kijlstra Riolering, De Herberg van Smallingerland en nei Neopost Technologies.